De Kast
De Kast - Mâl my dy songtekst
Je score:
ik bring dy yn dyn bedsje de gerdinen haw ik sletten dyn moaie eagen binne swier it bearke op dyn kessen bist noch nea in dei fergetten 't is krekt as do al trije jier moat altyd mei en at se wei is moat 'k har fine wat bin ik mâl mei dy it wie in moaie dei rûnst op dyn klompkes yn 'e blikke in flinter dwarle by dy del do woest har aaie mar do liest har smar skrikke fan minsken wurde flinters kjel do seachst har nei doe kaamst by my en hast my frege wêr giet se hinne wêr 't oare flinters binne wat bin ik mâl my dy en at it moarn is sil 'k dy alles wol fertelle en asto grut bist bist do nea te grut foar my gean no mar sliepen en ast bang bist moast my roppe ik sil der wêze ast my ropst sil ik der wêze wat bin ik mâl mei dy