De Kast
De Kast - It wetter waakst songtekst
Je score:
It wetter waakst, komt hieltyd tichterby De loft is swart, de drippen falle op my De ierde jout gjin hâld mear en myn fuotten fyn gjin grûn Yn dit lân, dêr't ús libben ea begûn Hjir run ik eartiids mei dy oan myn hân It hert mocht nea ferlieze fan 't ferstân It wetter en it fjoer binne as it libben en de dea Ik wit net mear wat goed is en wat kwea Myn hert dat raast fan pine djip yn my Myn leafste leaf do meist net by my wei Want hoe moat ik fierder mei myn libben sûnder dy Dyn famke wie ik, dyn eigen fleis en bloed Do liedest my en alles kaam wol goed Nimmen koe ús skiede en net ien koe ús wat dwaan Foar dy myn heit woe ik myn libben jaan Myn hert dat raast fan pine djip yn my Myn leafste leaf do meist net by my wei Want hoe moat ik fierder mei myn libben, sûnder dy Myn hert dat joech it antwurd al oan my Myn leafste leaf do hoechst net by my wei Want ik kin net fierder yn in libben sûnder dy Sûnder dy Myn hert dat joech it antwurd al oan my Myn leafste leaf doe hoechst net by my wei Nee ik kin net libje yn in libben sûnder dy Sûnder dy