De Kast

De Kast - De jûn is kaam songtekst

Je score:

It wetter field' as thús, de wyn wie as in freon
't Gefoel is troch de jierren altyd bleaun
Belutsen, mei elkoar, mei trots en grut gemak
Sa sylden jim mei leafde foar it fak

En it gie fan heiten faak op soannen
En it wie goed, it is goed

De jûn is kaam, de striid is no foarby
De weagen gean wer lizzen en de wyn dy giet syn wei
De jûn is kaam, de striid is no foarby
It wetter wie it libben en wy farden mei jim mei, mei jim mei

't Is altyd al sa west, sa sil it altyd gean
Tradysjes bliuwe hjir altyd bestean

En de tiid is wier net sa feroare
Want it wie goed, it is goed

De jûn is kaam, de striid is no foarby
De weagen gean wer lizzen en de wyn dy giet syn wei
De jûn is kaam, de striid is no foarby
It wetter wie it libben en wy farden mei jim mei, mei jim mei

It moaiste yn it libben is altyd tichteby
Mei wyn en waar en wetter 
ja dan fiele wy ús frij
sa frij

De jûn is kaam, de striid is no foarby
De weagen gean wer lizzen en de wyn dy giet syn wei
De jûn is kaam, de striid is no foarby
It wetter wie it libben en wy farden mei jim mei
De jûn is kaam
De jûn is kaam
Vind dit lied op:
bol.com
amazon.com

Copyrights:

Auteur: ?

Componist: ?

Publisher: ?

Details:

Taal: Nederlands

Vertalingen: Nederlands

Deel je mening

Dit formulier wordt beschermd door reCAPTCHA en de Google Privacy Policy en Servicevoorwaarden zijn daarbij van toepassing.

0 Reacties gevonden