De Kast
De Kast - Boerebûterfeart Nei Omsk songtekst
Je score:
Wy ride mei de troika troch it wite winterwâld It friest in graag as tritich en it is ferrekte kâld De hynstehoeven knarse troch de droege farske snie `t Is yn Siberië, dus wat oars as de Dokkumer Ie Ik reiz`gje mei ús omke Wassilev út Wolgograd Dêr`t hy in winkeltsje mei wodka, tsiis en bûter hat Us omke is in slimme sakeman nei myn idee In troika fol mei boerebûter fan de E.E.G. Dy bûter, seit ús omke, is yn`t Westen fierste djoer Dus fret men margarine en de bûter dy bliuwt oer Dêr hat men dus yn Brussel dizze oplossing op fûn: Wy Russen krij dy bûter foar in dûbeltsje `t healpûn Bûter, brea, griene tsiis, ja it is in grutte griis Bûter, brea, griene tsiis, och se binne lang net wiis Wy binn` op reis nei Omsk en omke hat in fleurich sin Hy sjongt fan Hop hop hynke en Hou er de moed maar in Mar ûnderwilens wurdt it roerich op `e eftergrûn En heart men moartsjen en mâlgûlen troch de winterjûn It is in keppel wolven en se komme tichterby Us omke set in liet yn fan Hup sûpengrottenbrij Dan sjonge wy de Wâldsang en ek noch it Heitelân Mar dêrmei hâlde wy de tastân lang net yn `e hân It Dokkumer lokaaltsje, Skûtsjesilen is ús nocht En wylst de earste wolf in raam nei omke`s skonken docht Sjong ik fan Rôlje rôlje en ik jou de wolf in hoart `t Is skande, seit ús omke, mar de bûter moat oerboard Bûter, brea, griene tsiis, ja it is in grutte griis Griene tsiis, bûter, brea, leaver alles kwyt as dea Dêr ploft it earste skoand`re doaske bûter op `e grûn De wolven fret`as wolven want de wolven binne sûn Sa binne wy foarlopich oan in wisse dea ûntkaam Wol no ris brûzj`en siede en It feintsje fan Menaam De hynders drave pittich, mar wy binn` noch net yn Omsk It swit dat stiet ús op `e rech en dochs binne wy klomsk En wylst it tsiende doaske bûter foar de wolven ploft Elts mei graach ris fiskje en De tiid dy hâldt gjin skoft De bûter rekket op mar omke ropt: ha mar gjin noed Wy ha noch wol in doaze Pastachoca bearegoed De wolven frette alles, mar se jouwe har net del Dêr giet de lêste Braderije en de Halvamel Bûter, brea, griene tsiis, God wat wurdt ús omke griis Griene tsiis, bûter, brea, mem ik wol noch lang net dea Dan binne wy yn Omsk en omke stekt de fûst omheech Wy binne rêden, ropt er, ek al is de troika leech Iksels bin fan myn sûp en stut, fan`t hynder en oerstjoer Mar okme Wassilev fersûpt syn allerlêste stoer Hy sit de hiele nacht mei al syn maten yn`t kafe Se sjonge Bonke bonkefeart en Henkie Kroes olé Us omke wurdt op`t lêst fansels sa dronken as in mûs Nei dizze wer in frisse, der is bûter by de rûs Bûter, brea, griene tsiis, noch in kear en altyd priis Griene tsiis, bûter, brea, bûten, Kobus giet nei Appelskea Bûter, brea, griene tsiis, bûten friest it hynsteiis Griene tsiis, bûter, brea, mei de boerefaam yn`t hea En no dus de moraal, want dy moat dit ferhaal dochs ha: Us bûter is te djoer foar d`absolute minima En wylst de heale wrâld noch altyd op in houtsje fret Binn` yn Siberië alle wolven as in baarch sa fet Bûter, brea, griene tsiis, beppe hat har rydbewiis Griene tsiis, bûter, brea, hagelslach en wetterskea Bûter, brea, griene tsiis, mem har panty yn `e tiis Griene tsiis, bûter, brea, supertrio Wolvegea Bûter, brea, griene tsiis, poeiermolke en anys Griene tsiis, bûter, brea, protters boppe Jobbegea Bûter, brea, griene tsiis, `k seach ús omke Sybren niis Griene tsiis, bûter, brea, sels mei gryp ûnder de lea Bûter, brea, griene tsiis, en wa`t noch mear wit krijt in priis