Jan Tekstra

Jan Tekstra
as dit is wat it is

As dit is wat it is,
dan is ’t goed foar my
alles bliuwt dan by it âlde
dan draaisto dy om as ik fersûp
en jankend troch de dridze krûp
as dit is wat it is

Asto gjin wurden wolst,
dan is ’t goed foar my
alles bliuwt dan ûnbesprutsen
as ik dan wer om dyn oandacht freegje
swijsto sa ’t ik mysels ferleegje
as dit is wat it is

dan liket it my better sa, dan lit ik dy wol hielendal frei
omdat it gjin ferskil makket: libje mei of sûnder my
dus lit it my mar witte, as dit is wat it is

Asto net langer knokst,
dan is it goed foar my
dan giet de handoek yn ‘e ring
dan bûgje ik djip en ferlit de striid
en komt der in ein oan use tiid
as dit is wat it is

dan liket it my better sa, dan lit ik dy wol hielendal frei
omdat it gjin ferskil makket, libje mei of sûnder my
dus lit it my mar witte

Ik ha gjin idee hoe’t no sa gien is,
hoe ’t dizze oarloch ea ûntstien is
mar as dit is wat it is,
dan gean ik sûnder mis

Jan Tekstra

Toegevoegd door Jan Tekstra op do 03 apr, 2003 12:00 am

Auteur: ?
Componist: ?
Uitgever: ?
Alle teksten en andere informatie over deze groep mag op deze site gepubliceerd worden
Taal: Nederlands
Beschikbaar op: Keale Ferskes (2002)

Reacties

CommonCrawl [Bot]

Volg Muzikum