Jan Tekstra

Jan Tekstra
ferske foar de nijling

Is der immen dy’t dy sein hat
dat it griene gers keunstmjittich is
dat der ea in see fan blommen wie
de sleatswâl fol mei bargebek en bollepysten stie

Is der immen dy’t dy sein hat
dat de bank it hûs betellet en de boat
dat wy oan ien wei efter ússels oan jeie
by die en by nacht wurkje as dat moat desnoads

Dit is in ferske, in ferske foar de nijling

Is der immen dy’t dy ferteld hat
oer de iensumens yn dizze lúkse drokke wrâld
dat minsken stil ferstjerre trije heech
wy net witte oft in went’ bewenne is of leech

Dit is in ferske, in ferske foar de nijling

Is der immen dy’t dy ferteld hat
oer de habsucht yn ús holle
is der immen dy’t dy sein hat dat wy nettsjinsteande
alles wat wy hawwe noch folle folle mear ha wolle?

Dit is in ferske, in ferske foar de nijling

Jan Tekstra

Toegevoegd door Jan Tekstra op do 03 apr, 2003 12:00 am

Auteur: ?
Componist: ?
Uitgever: ?
Alle teksten en andere informatie over deze groep mag op deze site gepubliceerd worden
Taal: Nederlands
Beschikbaar op: Keale Ferskes (2002)

Reacties

CommonCrawl [Bot]

Volg Muzikum