Piter Wilkens

Piter Wilkens
It Pompeblêdhert

Foutbal is sirkus, blydskip, fertriet
fuotbal is show, fol libben en striid
wy ha yn it Fean ús sin op jim set
de rop fan it pompeblêdhert

Heech leit de latte, grut is 't paroal
gryp dizze kâns en sjit op de goal
oan romte wurdt boud, der is grut ferlet
kom jou ús jim pompeblêdhert

Yn 'e mande mei elkoar
Europa yn, yn Abe 's spoar
de club/ coach fan 't jier komt nei jim ta
kom spylje mei en siz fan ja

kearsang:
Everybody has a pompeblêdhert
Everybody has a pompeblêdhert
der is mar ien club en it is noait te let
foar in pompeblêdhert

Wyt binn' de linen, rûn is de bal
grien is it fjild, it blêd is oeral
elk kin de regels en wit hoe 't it heart
it spul fan it pompeblêdhert

Elk is hjir wolkom, dus ful yn dy bon
en priuw ek de sfear fan ús pracht stadion
it stikt fan de kleuren, ferskil is der net
it folk fan it pompeblêdhert

ekstra koepletten:

De frosken sy kweakje de fjilden wer oer
sy witte it skoan, 't sit yn de natoer
fanút elke sleat, in skoander konsert
it liet fan it pompeblêdhert

Doet stjoert ferslagen nei Sybren op see
en beppe de Vries sit thús foar de t.v.
Mohammed en Klaske, Ludmilla en Fred
wa hat net in pompeblêdhert?

Aerosol Sander en Graffity Sven
binne ek oprjochte pompeblêdfan
nachts drok yn touw en no stiet op elk sket
in prachtich moai pompeblêdhert

1-2 tsjin Utert, dat is net sa'n skea
want lânskampioen dat wurde wy ea
ja soms wol it wol en soms wol it net
kom leau yn it pompeblêdhert

Tina

Toegevoegd door Tina op do 20 maart, 2008 1:13 pm

Stacy

Laatst bijgewerkt door Stacy op do 20 maart, 2008 4:09 pm

Auteur: ?
Componist: ?
Uitgever: ?

Reacties

CommonCrawl [Bot]

Volg Muzikum