Rob de Nijs
Rob de Nijs - Foto fan eartids songtekst
Je score:
Hjir haw ik noch in foto fan fier yn `t ferline As ik der nei sjoch kin `k der sa yn ferdwine Ik wit noch dat `k fiif waard, de dei fan myn jierdei De winsk fan myn dreamen, it kado dat heit kocht hie It skippersklavierke mei kleuren dy`t glommen Ha ik middeis noch mei nei it sirkus ta nommen En brandwearman wurde, wat koe `k dêr yn leauwe Dy dreamen bin fuort, it gefoel sil der bliuwe Djip yn myn hert ferlang ik faak nei dat bern werom Bern binne `t leafst gau grut, no dat giet hurd As my it libben tsjin sit tink ik oan dy tiid Al waard ik nea dy brandwearman, `k rekke it bern net kwyt Doe wie alles (sa) dúdlik, gjin soargen, gjin twifels Fan God kaam it goede en `t kwea fan de Dúvel De klok oan de muorre hong dêr inkeld foar `t moaie Ik hie alle tiid om yn `t doarp rûn te skoaien De see wie in feartsje (fjetsje), myn klomp yn in sleatsje (sljetsje) En de dea wie net mear as de kat fan muoi Fetsje De wrâld wie net grutter as de globe fan Tsjitte Ik koe him mei myn pink om syn as draaie litte Djip yn myn hert ferlang ik faak nei dat bern werom Bern binne `t leafst gau grut, no dat giet hurd As my it libben tsjin sit tink ik oan dy tiid Al waard ik nea dy kapitein, `k rekke it bern net kwyt Allinnich of iensum, hoe koe ik dat kinne Ik hoechde allinnich nei hûs ta te rinnen Mei in gat yn myn kop en myn broek wer oan flarden Myn mem wie wol thús, dus wat koe my no barre As my it libben tsjin sit tink ik oan dy tiid Al waard ik nea die Grutte Pier, `k rekke it bern net kwyt