Reboelje
Reboelje - wûnslân (jou it kleur) – diel 1 songtekst
Je score:
Wolkom – hjir allegear Yn dit wûnderlik nije lokaal Lit mar sjen dat jim hjir binne Kom mar wat tichterby Juster wie juster, hjoed is hjoed Mar moarn is in net te begripen dei En sjoch hjir dizze stien Dy’t hjir delfoel as in stjer Doe’t ik dat seach haw ik winske Dat elk fan jim in winsk dwaan mocht Leau yn dizze meteoar Sprek it út, watsto wolst en gean der foar Jou it kleur! Jou it kleur! Dyn eigen wûnslân Meitsje hjir dyn eigen dûnslân Hoefolle’t der ek feroaret Al it nije wurdt wer âld Haw betrouwen yn dizze stien Fertel it troch en leau der yn Dat alles wat ik der mei oanwiis Feroarje kin yn read of rôze of grien Jou it kleur! Jou it kleur! Dyn eigen wûnslân Meitsje hjir dyn eigen dûnslân Jou it kleur! Jou it kleur! Lit it glânzje, lit it skitterje! Dyn eigen dûnslân