Reboelje
Reboelje - traktaat fan ‘e wolf songtekst
Je score:
ik lés in jiermerkeboekje, soks as de jannewarisminske skreaun troch in bûtensteander wa’t mear mar ek minder fan my wit as in ûnpartidige lés ik it min-printe útnoegjende opskrift “Traktaat fan ‘e wolf” do jûnsminske, nea ôfhinklik fan in oar, giest do sigesaagjend troch dyn libbensrin do leist it ein yn it begjin troch njonkelytsen dysels te koart te dwaan en al dy dagen dysto ferlern hast dy’t dy gjin presintsjes brochten dy’t dy net út lykwicht hellen dy’ sto der allinnich trochbrocht hast mar der binne skoftsjes fan útsûnderingen as yn dy sêfte passaazjes fan Mozart, as by it lêzen fan Goethe‘s fers: “Dammrung senkte sich von oben.” dan is ‘t asto troch de himel fljochst, de skepper oan it wurk sjochst, de skoftsjes datsto it gouden godlik spoar troch dyn libben sjochst bytiden djip yn smoargens ferhoale, en dan wer strielend mei gouden fonken, sa koesterst de laffe leafde foar it boargermansbestean; troch it kwea yn de wolfelearzen te skowen en allinnich yn twa sielen te leauwen sjochst nea de tûzenen oare blommen fan dyn siel! wy litte dy no allinnich op it paad nei de ûnstjerliken en asto dêr ea telâne komst, silst de wolf beskrobjend en mei begrutsjen talaitsje