Reboelje
Reboelje - spoekepark songtekst
Je score:
yn it nije park oan ‘e râne fan it nije doarp rin ik oer it gers op it wetter ta sûnder dat ien my sjocht allinnich jongere bern dy’t net yn spoeken leauwe jouwe farske bôle oan de lêste ein en ik lynje oer it brechje en snij yn it hout de namme fan ús heit want it nije park is in spoekepark al binn’ de beammen noch net âld ik nim mar oan dat ik hjir jûn ek wer allinnich wêze sil, allinnich wêze moat, allinnich sûnder wa ek mar wêze wol mar nachts as de blommen griis wurde en it gers wiet fan ‘e damp wurdt it park stadichoan smûker en smûker en smûker en ik sykje in plakje op ‘e kâlde klaai tusken de strûken by de feart en ik draai my om en fal yn ‘e sliep want it nije park is in spoekepark al binn’ de beammen noch net âld ik wit dat as ik moarn wekker wurd dat ik my better fiel as hjoed