Reboelje
Reboelje - nûmerke 12 songtekst
Je score:
It wie al midnacht, doe’t ik deryn gie, it feest wie yn folle gong Rûnom waard dûnse, yn alle gongen op alle treppen en de sealen wienen fol mei maskers en muzyk Klowns sloegen my op ‘t skouder doden en stoden tsjin my en ik fielde my alhiel ferlern en ek de wyn smakke my net krekt doe ‘t ik besleat de jas wer oan te dwaan koe ik myn nûmerke net mear fine Mar in duvelachtich mantsje sei: wês net benaud nûmerke kwyt, hjir hast mines Al gau seach ik dat it nûmer gjin nûmerke wie mar in briefke, dêr’t op skreaun stie: fannacht fjouwer oere kom nei de hel tagong fergees mar it kostet dyn ferstân Op ‘e nei sette ik it feestgewoel yn en ik dûnse, en dronk mei grutte swolgen en ik fielde my ien mei de hiele kloft en ek de nacht duorre in ivichheid lang Doe’t it ljocht waard en de measten al op hûs oan wienen kaam ik myn âlde meat tsjin Hy stelde my gerêst we smookten in sigaret en hy frege my: bisto der klear foar