Reboelje
Reboelje - noflike jacht songtekst
Je score:
Oerémis en moardsuchtich jouwe wei ús nei de stêd ta dêr’t de oarloch krekt begûn is en ek wy lade ús gewearen En al is de oarloch net hillich en stjit de duvel oan ús kant ús doel is de ferneatiging de ein fan ’e wrâld Ut ús eagen laket de wroeging helder, mar oprjocht we sjitte bern en grutte minsken dea en we gnize om elkoar Want al is de oarloch net hillich en stjit de duvel oan ús kant yn ús krústocht tsjin it minskdom docht it der net ta wa’t wint Wy hienen in prachtich útsjoch oer de stêd, dy’t yn ‘e brân stie Der ’t de klokken angstich liede oanhâldend, almar troch En oeral om ús hinne leinen minsken te krepearen guon ferwûn, guon yn grús guon gulden, guon raasden Mar de sinne like ûnder te gean folle moaier, folle reader mar de sinne like ûnder te gean folle moaier, folle reader noch as oars Oer it slachfjild kuiere n man dy’t fredich ús dieden beseach Hy iet wat en hy dronk wat en foldien run er fierder