Reboelje
Reboelje - merkeman songtekst
Je score:
ik wie noch mar – wit ik hoe lyts doe’t ik al wist wat ik wurde woe merkeman dat wie myn libbensdream doe’t ik 13 wie, bin ik fan hûs wei rûn ik ha myn âlders nea wer sjoen ik bin meinaam troch in Dútske merkeman yn goeie en yn minne tiden hy hat my altyd krekt behannele as wie ‘k syn bloedeigen soan wy draaie yn Dútslân en yn Switserlân ik ken Gdansk en La Rouchelle in merkeman hat gjin heitelân ik bin de merkeman ik bin de merkeman myn soan is no like âld as ik wie doe’t ik fan hûs wei rûn mar ik hy wurdt krekt as ik in merkeman hy hat nea net nei skoalle west, mar hy is wier wol goed by alles wat er witte moat, dat leart er wol fan my ik bin de merkeman ik bin de merkeman sa lang as myn bealch wol bliuw ik in merkeman sa lang as ik libje sil bliuw ik de merkeman