Reboelje
Reboelje - krekt as wy songtekst
Je score:
ûnder dizze brêge wachtsje wy op dy krekt foar’t de klokken spylje silsto hjir wol wer lâns rinne do draachst begrutlik djoere klean en do rukst net nei dysels do doarst ús net rjocht oan te sjen derom sjogge wy dy nei sa rinsto nei dyn wurk of sa alle dagen wer en elke dei mar wer op syk nei noch mear oansjen en súkses yn wêzen bisto krekt as wy like rûch like frij yn wêzen bisto krekt as wy ek al wolst it noch net tajaan sels op in dei silsto hjir neist ús lizze sûnder soargen en djoere klean nachts as it ferkear ferdwynt en de measte lampen útgean tinke wy oan dy, en aaie wy ússels ûnder ús tekkens fan karton yn ús dreamen leisto neist ús jûns en krûpe wy dy oan jouwe dy leafde en gelok oant wy foldien en wurch yn ‘e sliep falle yn wêzen bisto krekt as wy like rûch like frij yn wêzen bisto krekt as wy ek al wolst it noch net tajaan sels op in dei silsto hjir neist ús lizze sûnder soargen en sûnder klean