Reboelje
Reboelje - kom mar, kom mar songtekst
Je score:
lyts leaf suske sjoch my oan, fertel my wat wolsto letter wurde wolsto krekt as ik folwoeksen wêze en dwaan wat goed en moai is sjoch my oan do bist al grut mar do moatst noch och safolle leare fertrou op my ik hâld fan dy ik sil dy nea net ferriede lit my dy leare hoe’t in faam in frou wurdt dêr’t in man foar falt dêr’t in man foar kiest earst moast my swarre dat it ús geheim bliuwt doch wat ik sis en ik sil dy alles leare kom mar, kom mar kom mar by my kom mar, kom mar kom tichterby do lyts leaf famke wês mar net bang wy ferjitte efkes alles om ús hinne sjoch my oan en harkje goed dan kin dy (wier) neat oerkomme doch wat ik sis en ik lit dy alles sjen alle geheimen, dy’t ik ken lyts leaf famke, sis mar neat mear krûp my oan do bist no al gjin bern mear