Reboelje
Reboelje - it kralespul songtekst
Je score:
Ier en betiid stie ik bûtendoar yn ‘e kjeld, tusken fjouwer keale muorren Lyk foar my oer stienen tolve hearen en neist my wie it skavot op har befel run ik nei foarren, en ik knibbele en harke nei it fonnis: foar jim stiet de man dy’t ús teater misbrûkt en ferwiksele hat mei de wurklikheid hy hat it spegele fanke kâld makke mei syn spegele mes en boppedat hat er ús teater bespile sûnder te laitsjen dêrom feroardielje wy him ta it ivige libben! Dat njonkenlytsen waard it my dúdlik, de nummers, de letters alle regels fan it spul ik trochseach it hielendal En fannijs soe ik it spylje op in dei soe ik t leare: it laitsjen, it libjen it boartsjen fan sabeare