Reboelje
Reboelje - hark, hark songtekst
Je score:
ik flokte en rûn fierder mar opnij wer seach ik om wêrom no doar ik net te dwaan sa as de helden dy’t wol doarden wat ik net die dy’t skreaune wat se tochten sûnder stil te stean by de priis dy’t dêr op stie mar hjoed waard ik wekker en ik tocht no bin ‘k der wis fan ik skriuw net langer op wat ik tink yn al myn dreamen it is no noch kâld en donker en noch efkes jou ik my del ik sparje noch wat krêften wachtsje mar oant it ljocht wurdt wachtsje mar ik sil grutter wurde en respekt ôftwinge, sûnder eangst sil ik it fjoer opstokelje en ik sil jim taroppe moat it no sa moat it no sa hark, hark hark, hark mar guon wol it net oan guon sille my fermoardzje mar út myn rymsels wei sil ik jim noch tasprekke jim gewisse wêze hark, hark