Reboelje
Reboelje - ferflein fers songtekst
Je score:
blau de loft de see de sinne skynt ik skriuw in fers yn it sân wurd foar wurd rigel foar rigel it waar is moai, suver soel en ik skriuw troch, ik skriuw troch ik skriuw troch….. ik sjoch om my hinne ik sjoch om my hinne, der is neat in fers sûnder ein in fers sûnder ein mar dan de loft berint de wyn hellet oan it sân waait op wurden ferfleane myn fers, myn fers, myn fers it wie noch net ôf