Reboelje
Reboelje - eilân yn de see songtekst
Je score:
fan ôf de heechste toer yn de wrâld sjoch ik warbere lytse minsken dy’t lyk as lytse eamelders mei grutte stikken drek sjouwe neist my boartet de skepper mei tûzenen tinne toutsjes dy’t sa fyn binne dat se nea net yn de tiis komme fûgels fleane oer, dagen wurde koarter en it wetter komt al tichterby en op bleate fuotten troch de wiete drek rinne manlju en rinne froulju se driuwe it fee nei de wierde want de nachten wurde langer en it wetter komt al tichterby it wetter komt al tichterby hoe graach soe ik as in reus oer it wiete waad rinne en djippe fuotprinten meitsje wêr al it wetter yn fuort rinne kin mar machteleas sjoch ik nei myn buorman dy’t alle toutsjes yn ‘e hannen hat en fan wa ’t ik wit dat er better noch as my relativearje kin en yn dizze tsjustere nacht yn de slachtmoanne sjoch ik angst yn de eagen fan de âlderein en de bern want it spoeket en it stoarmet kij wurde ûnrêstich it wetter komt fiisten te heech en ik sjoch ûnskuldige lytse minsken dy’t bidde en dy’t smeekje lit ús eilân yn de see lit ús eilân yn de see gewurde lit ús wurkje lit ús libje wy sille fjochtsje wy sille offerje mar lit ús eilân yn de see lit ús eilân yn de see lit ús gewurde, gewurde