Reboelje
Reboelje - djip yn myn siel songtekst
Je score:
dit wie myn libben en it is no hast foarby it stie yn tsjinst fan de boargermaatskippij ik keas it paad fan de fromme man fanwege goed gedrach krige ik libbenslang ik hie wol dreamen oer de grutte see mei al syn havens en har huorkerij it swalkerslibben it bleef by fantasy en ik ferdrong de pine en ik bleef by dij elkenien, joech goeie rie en ik lústere, en ik die sa waar ik ferneamd as in earsum man dy’t syn libben joech foar it boargerlân no’t alles foarby is, sjoch ik wer werom op it fromme libben fan in brutsen man dy’t de striid ferdrong in libben lang mar dy’t gjin frede foen mei syn earste natoer djip yn myn hert fiel ik noch flammen djip yn myn siel baarnt noch hieltyd fjoer