Reboelje
Reboelje - dizze jûn songtekst
Je score:
dizze dei fan ‘e wierheid rin ik de hiele middei al rûn skjin myn nocht fan ‘e drokte sykjend om in skulplak, in stikje grûn dêr’t ik allinnich bin en dreame kin oer juster en dêr’t net ien my fine sil dizze jûn mar hieltyd wer as ik my deljaan wol hear ik minsken om my hinne roppend, razend, flokkend, ticht by my lâns, hast oer my hinne fierder rin ik fierder sykjend om in plak út ‘e sinne dy’t noch hieltyd skynt en laket dizze jûn wurger wurd ik wurger alles draait yn my om mar te benaud bin ik om my hjir del te jaan en myn eagen ticht te dwaan myn mûle is droech en myn holle bonket mar troch ik wit wier net wêr’t ik nei ta moat dizze jûn dus rin ik fierder troch de fjilden benauder noch as krekt en oeral dêr’t ik stean bliuw hear ik wer stimmen om my hinne hurder draaf ik hurder fierder foart fan alles en de sinne skynt al net mear dizze jûn