Piter Wilkens
Piter Wilkens - Pleatsen yn de brân songtekst
Je score:
Neat is bliuwend, alles stjert alles feroaret, lang om let keapje in kaartsje, mis it net ja stap op de trein, de trein Hyltyd mear, hyltyd grutter hyltyd foller, hyltyd hurder betink wetten, ferdraai wurden en stap op de trein, sûnder ein Wat is goed, wat ferkeard wat is de priis, wat ha wy leard nee gjin minske dy't it gefaarte keart de wolfeartstrein, wêr is de ein Al wat ik sjoch binne pleatsen yn 'e brân as teken fan feroarings yn dit lân slaan wy alles samar oer de hân fersmite wy ús eigen boerestân Ienris wie de boer baas hjir de grutte as fan ús mienskip wy spylje no in raar spultsje mei him hy ferliest hyltyd mear terrein Wy ha de takomst hjir yn hannen jeie mei prachtige plannen oer âlde terpen en fruchtbere lannen oan ferfleine tiden komt foargoed in ein Gjin tiid foar minsklikens en natoer mei de romantyk is it al lang oer dongkwotum, twadde tak en automatisearring ruilferkaveling, megaparken, sanearring projektûntwikkelders, nijbouwiken rekreaasje, G.A.T.T.-akkoart, autodiken fan wetter lân, fan lân wer wetter polityk hartstikke knetter