Piter Wilkens
Piter Wilkens - Persoanlike Piter songtekst
Je score:
Persoanlike Piter sit elke moarn te brochje iten sjocht wat der yn ’e krante stiet t heart by syn deistige riten hy lêst mei alle nocht oer in lustmoard in berjocht Wat in gesoademiter!’ seit Persoanlike Piter Persoanlike Piters frou en syn ûnsjogge dochter sa op it each bliuwt hy sy trou mar as er koe dan socht er in Thaiske hoer, in Poalske breid mar hy doart net, net yn der ivichheid o, wat in broekjeskiter Persoanlike Piter Persoanlike Piter giet op it fytske nei kantoar ta strikje foar, kreas yn ’t gelid hy sil dêr noait spul mei in oar ha hy komt de baas net oan ’e pels hâld syn tinzen wol foar himsels no sis it mar, hoe hyt er? Persoanlike Piter Persoanlike Piter slacht stikem nachts syn eigen wyfke foar de kick en om de macht dat jou ik dy op in briefke syn takomst is al lang ferskuord hy spielt mei sterke drank syn ûnmoed fuort hast elke jûn wol in liter Persoanlike Piter Persoanlike Piter is te finen yn elke strjitte en ien ding dat is wis nimmen wol der wat fan witte jawis, no wiist der ien nei my ‘Persoanlike Piter dat is hy!’ mar ha dysels no net te fiter seit Persoanlike Piter