Piter Wilkens
Piter Wilkens - Pake syn wein songtekst
Je score:
Ik seach okkerdeis in foto fan in âld Dauphine en ik tocht by mysels hoe koene wy der ea yn ik moat laitsje as ik wer werom tink oan dy tiid it wie pake's earste auto en wat wie er bliid Hy siet grutsk efter't stjoer mei in grouwe sigaar yn pake syn wein en op'e ein fan de rit allegear mislik en raar yn pake syn wein Broer en ik sieten tusken beppe en mem yn op' e efterbank, sy drukten ús hast fyn heit lies de kaart en siet neist pake moai rom mei suske op skurte, wy hiene kwalik gong As it moai waar wie en it wie snein, giene we te riden in hiel ein, yn pake syn wein Beppe stonk nei klonje en heit stonk nei 'Fresh-up' yn pake syn wein mar it rútsje mocht net iepen want dan siigde it te bot yn pake syn wein Mem hie de jûns tefoaren broadsjes smard dus ite, ite, ite, ja sy hold ús koart mar wy hiene 'Exota' foar de hiele dei en wy krigen faaks in ijsko dus wy woene altyd mei Wy songen âlde ferskes en wy laken hiel wat ôf yn pake syn wein fan heit syn flauwe grappen krigen wy mar net genôch yn pake syn wein Om it hoartsje stopje omdat der ien sa noadich moast efkes gau yn' e berm mar úteinlik dochs net doarst mar dan koene dochs de skonken even rjocht en "Plank gas pake!" en wer fierder mei de tocht Ja it wie doe wol in moaie tiid, yn pake syn wein de simmers wiene lang en Fryslân wiid, yn pake syn wein In hiele dei klam foar in kertierke bosk as strân brodzich en gear, mar we ha it moai hân en ik fielde my feilich en as in kening sa ryk want ús pake hie in auto op' e dyk