Piter Wilkens
Piter Wilkens - Mercedes-Benz songtekst
Je score:
't Is net te leauwen mar ik ryd Mercedes-Benz en ik haatsje no de Peugeots en Citroëns jim ha faaks tocht: "Hy rêdt it net, hy komt net fierder as in Kadett" mar hjir bin ik minsken yn myn Mercedes-Benz 't Is net te leauwen mar wat in kommentaar jim kin't net ha en dogge dêrom raar mar elke man wol yn syn hert, in grutte wein, ja ier as let tink der mar om ik parkear no op't trottoir O wat in romte, o wat in lûd sjoch ik dat stjerke dan fiel ik my goed en ik laitsje om Japanners en sa mear want ik hear ta de elite fan 't ferkear Wêr moast ik hinne mei al dat jild fan de muzyk want ik bin sa stadichoan ek wol smoarryk mar yn oanskaf kostet er neat en fan de belesting ha'k nea heard oan'e kant, ik bin baas op'e dyk O al myn dreamen se kamen út Efter't stjoer genietsje ik elke minút en deis set ik 'm by my foar de wente ja dan kin ik der de hiele dei nei sjen 't Is net te leauwen mar ik ryd Mercedes-Benz dat docht it better by de froulju en de fans ik wol foar nimmen oan'e kant foar gjin D.A.F., foar gjin . . . Trabant no friends, oant sjen . . . s, see you next time, yn myn Mercedes Benz