Piter Wilkens
Piter Wilkens - De rocker songtekst
Je score:
Ik bin in rocker en ik kom fan de klaai ik spylje op myn gitaar eltse dei ús heit wurdt gek, ús mem suver ek mar ik net, ik fyn it te gek Ik bin in rocker. Ik bin in rocker en ik bin oe sa faai ik ryd op myn motor eltse dei de plysje wol my ha, mar ik bin net mak en ik ryd mar troch oeral nei ta Ik bin in rocker mei in learen jas oan myn hier fierste lang elts bekroadet him deroan mar ik doch gewoan wat ik wol ik stjonk in oere yn 'e wyn, mar wat seit my dat no Ik bin in rocker en ik hâld fan kabaal dat is lekker hurd en dat giet der om wei de stereo op tsien en dôf wurdt eltsenien mar ik net want ik bin in moaien ien Ik bin in rocker, 'k sûp my in stik yn 'e kraach dat stiet lekker stoer en dat bin 'k mar al te graach smoar op 'n paad eltse freed, dan fersier ik elts wiif en oe dan giet it need Ik bin in rocker, mar it siet my hjoed wol wat tsjin want in beam is folle sterker dan in motor wêze kin doe pakte de plysje my ek noch yn 'e kraach mar it slimste wie, ik bruts in snaar fan myn gitaar Ik bin in rocker en ik lit dy sjen neat hâld my tsjin, gjin tiid, gjin agent straks bin ik grif te âld, mar dan is der wol in oar dy 't krekt as my deryn brâne doart Dat is in rocker