Piter Wilkens
Piter Wilkens - De Cocktailpolka songtekst
Je score:
Och hoe sil dit komme, och hoe sil dit gean allegear yn gala en klompen binne ferbean ús Pier jout wer in feestsje en dit kear giet er fier in echte cocktailparty, in feestsje sûnder bier De skuorre is no oanklaaid as wie't in 'Grand-café' mar it stjonkt hjir noch behoarlik nei it fertroude fee de jonges fan it doarp dy binne oe sa stoer dy smite ien, twa, trije, de glêzen efteroer Och hoe sil dit komme, hy pakt it wer grut oan de sterke drank is oanfierd, as wie it hiel gewoan tafels fol mei hapkes, trôgen fol mei chips en op in âld skoalboerd steane wol 50 cocktailtips In koarte speech fan Pier foar't it begjinne kin: "Jim moatte jim mar rêde, der is fuort net te min!" Och hoe sil dit komme, Pier tocht: "It kin wol sa" mar de muzikant dy't ynhierd is, moat eins al fersterking ha bruorren, neven, maten, prate drok en fierste hurd oer trekkers, kij en froulju en oer hoe't in cocktail makke wurdt De froulju moatte ride dus dy dogge kalm oan mar de keardels tinke al lang net mear oan de dei fan moarn Och hoe sil dit komme, ik sjoch gjin man mear stean de iene nei de oare besiket út'e wei te gean sy hingje allegearre siik boppe de sleat en krûpe dan nei hûs ta yn smoardronken steat De muzikant is no samar te hearren, it is in Fryske trûbadoer hy bliuwt as iennich man mei alle froulju oer de jonges fan it doarp . . .