Piter Wilkens
Piter Wilkens - Brêgewipper shanty songtekst
Je score:
Filefoarming op 't kanaal, altyd mar wachtsje 'k besoargje skippers mannich kwaal, altyd mar wachtsje altyd mar wachtsje, altyd mar wachtsje ik hearskje as in admiraal, altyd mar wachtsje Auto's, bussen, frachtferkear, it ljocht op read en it rydt net mear de motor út as ik regear Ja wier as ik it rêde kin, hâld ik sels in fleantúch tsjin o, wat ha ik it nei 't sin As lytse poppe moast ik al, dan draaide ik mar wer in drol it iene ruft nei't oare fol Op skoalle moast ik elke kear, myn wurk hie'k altyd samar klear 't wie net sa geunstich foar de sfear In hoartsje wie ik militair, jim riede 't al, wat die ik dêr ik waard dêr lui en solitair By alle fammen dy't ik hie, as ik mar efkes fierder gie nea ris oernachtsje, sadat ik faak foar joker stie C.D.'s meitsje doch 'k net mear, it duorret mar, it komt noait klear ik wurd der gek fan iderkear Wannear hâld dit liet ris op, is der in hendel of in knop ik wurdt sa healwiis yn 'e kop Ik hâld no oare minsken tsjin, ja, brêgewipper is wat ik bin ik doch no wol myn eigen sin, lit se mar wachtsje! hear hoe't men op my skelle kin, prins Claus en ek de keningin, it statenjacht en Rintintin, Neptunis en elke seemearmin, de Dútser, de Noor, de Sweed, de Fin, de T.G.V., de Seppelin, de ein, de jerke en de hin, siz my hat it libben sin?, ik ha gjin tiid foar myn freondin, ik wurdt lui en dik en ik wie sa tin, is der noch mear wat ik betinke kin?, hee sjoch, dêr giet in haaiefin!