Piter Wilkens
Piter Wilkens - Ballade fan âld baas freark en moaie cecilia lind songtekst
Je score:
In eilân by jûntiid mei moanneskynwaar der klinkt wat muzyk, in bas, in gitaar de âlde baas Freark, hy dûnset omtrint mei de lytse, wat skruten, Cecilia Lind Har eagen binn’ sluten, ja wier, sy geniet syn earms binn’ noch sterk, romantysk it liet it ferwaarmet har sinnen, dit is har momint sy kleuret yn ’t tsjuster, Cecilia Lind En wat seit âld baas Freark, 50 jier âld wy binn’ op in eilân, it wetter is sâlt mar swiet is it lân as in man dy bemind dêr moatsto op wachtsje, Cecilia Lind It feest is no dien en wat sille sy dwaan hy bringt har nei hûs, wol him fierder net jaan mar sy lústert dûzich, foar dy bin ’k in flint mar jou ris in tút oan Cecilia Lind Pas op, seit baas Freark, ik bin te âld do bist sa moai, noch mar krekt op de wrâld dit is wat net mei en hjir hie ’k net op sind mar ik bin al hast sechstjin, seit Cecilia Lind De stjerren ferdwine, de moarn fielt sa njoer oan it fjoer fan har leafde joech hy him oer de leafde is blyn foar in âlde frijfint noch ien lêste tút, seit Cecilia Lind