Marjan Fennema
Marjan Fennema - Lyts Meager Wyfke songtekst
Je score:
Lyts meager wyfke it hier yn in kúfke sa stoarret se stil foar har út Jierren fan wachtsjen hoopje en smachtsje en altyd mar útsjen foar it rút Yn tizen fertinze yn wanhoop en peinze sa wachtet se altyd op him Soms glimket se even want yn har beleven heard sy dan efkes syn stim Moast net gûle leaf memke fan my al sil ik dy ferlitte ik sil dy nea ferjitte myn herte is altyd by dy net gûle leaf memke fan my Hy woe emigrearje net ien koe him keare it libben wie him hjir te krap Fertize yn wetter fan regels en wetten foel de beslissing al rap en hoebot se ek preke en hoebot se ek smeke hy woe nei Amearika ta alhiel op de doele koe se allinnich mar gûle myn jonge dan mis ik dy sa Moast net gûle leaf memke fan my al sil ik dy ferlitte ik sil dy nea ferjitte myn herte is altyd by dy net gûle leaf memke fan my Doe't it fleantúch omheech gie en sy op de grûn stie allinnich sûnder har soan Doe't flak far har eagen har dreamen ferfleagen doe griisde de takomst har oan Har ynleave jongen wêr't sy sa op hong it ienichste wat se besiet ferbline troch triennen giet troch har hinne wat hy har as treast efter liet Moast net gûle leaf memke fan my al sil ik dy ferlitte ik sil dy nea ferjitte myn herte is altyd by dy net gûle leaf memke fan my It gie him bysûnder hy buorke fan wûnder in faarm mei wol fiifhûndert kij grutsk koe se fertelle as hy har ris belle in skat is dy jongen fan my De jierren ferrûnen de beltsjes ferdwûnen hy hie it te drok yn de States En djip yn har wist se dat hy har net miste dôchs hâldt se syn wurden noch beet Moast net gûle leaf memke fan my al sil ik dy ferlitte ik sil dy nea ferjitte myn herte is altyd by dy net gûle leaf memke fan my Lyts meager wyfke it hier yn in kúfke sa stoarret se stil foar har út Se wachte en longe op har leave jonge mar hy kaam har kant net wer út Hy skreau doe't er hearde dat sy demintearre in brief nei it ferpleechtehûs ta jimme moatte har fersoargje ik sil it wol boargje as it tiid is dan bin ik der sa Moast net gûle leaf memke fan my as sil ik dy ferlitte ik sil dy nea ferjitte myn herte is altyd by dy net gûle leaf memke fan my net gûle leaf memke fan my net gûle leaf memke fan my
Copyrights:
Auteur: ?
Componist: ?
Publisher: ?
Laatst bijgewerkt door Anonymous op Wednesday 22nd of July 2009 13:27
4 Reacties gevonden
Martha Brouwer
Monday 20th of February 2023 19:15
De taal is fries En het liedje is geschreven door Boukje v hijum Toen ze het schreef had ze de achternaam van haar eerste man.
Rosa
Tuesday 17th of January 2012 14:02
elke keer als ik met vriendinnen in de auto zit zingen we mee op dit liedje XD
Gosse en Rommy Weening
Monday 13th of July 2009 18:17
Kan niet beter dit! Wat een stem, wat een tekst!
Radiopiraten forever!
Gr. Gosse en Rommy Weening
Annie
Friday 5th of September 2008 15:45
Geweldig:D:D:D