Mariusz
Mariusz - Draai my rûn (Leonard Cohen cover) songtekst
Je score:
Hjir yn de stêd wenje seis moaie froulju Der binne skouders dêr’st op útgûle kinst Der is in lobby foar saaklike manlju Der is in park foar it iensume bist Der is in byld, beferzen yn moarntiid It giet mei, by my yn myn jas Ai-ai-ai-ai Draai my rûn, draai my rûn Draai my rûn en lit my net los Ik wol dy, ik wol dy, ik wol dy Op in bank hjir midden yn de stêd Op in plakje net fier by myn hol wei Yn de kelders hjir ûnder de grêft Op in planke dy’t oars altyd kâld is yn in echo fan tsjuster en klam Ai-ai-ai-ai Draai my rûn, draai my rûn Draai my rûn en meitsje my waarm Yn ’t run, yn ‘t rûn, yn ‘t rûn, yn ‘t rûn Doch my dizze wals, suver en falsk en meitsje my los fan de grûn Hjir yn de stêd is in moaie muzykseal wêr’sto hjoed oan oandwaning ta klonkst Op de merke krijsto al dyn publyk stil asto libben en dea dêr besjongst Ach, mar war rint hjir nachts mei dyn foto en stoarret dy hieltyd wer oan Ai-ai-ai-ai Draai my rûn, draai my rûn Draai my run hjir by my yn ‘e hân Der is in souder dêr’t bern altyd boartsje dêr’t do en ik hinne gean Wy jouwe ús del foar in hoartsje Genôch foar in noflike dream En ik sjoch yn dyn eagen dyn soargen Dyn hert mei in dûbele trien Ai-ai-ai-ai Draai my rûn, draai my rûn Draai my run en lit my begean Yn ’t run, yn ‘t rûn, yn ‘t rûn, yn ‘t rûn Doch my dizze wals, suver en falsk en meitsje my los fan de grûn En ik dûnsje mei dy no de stêd troch yn myn donkerbrune sniewite jas Myn dreamen ha my al ta bêd brocht en wekje de wurklikheid los Dyn foto, ’t ferlangen, de pine myn tinzen, yn winsken ferbûn ik lit se foar altyd ferdwine yn in sels groeven gat yn de grûn En do draachst my no dûnsjend de stêd út en gjinien sjocht ús ea wer werom Leasfste, do leafste do draaist my rûn, draaist my rûn Do draaist my rûn en do makkest my from Leasfste, do leafste draaist my rûn, draaist my rûn