Gurbe Douwstra
Gurbe Douwstra - Kertier oer Fiven songtekst
Je score:
De wekker wijst kertier oer fiven En de nacht is hast te'n ein De lekkens klam noch fan ús liven Ik fiel it plak, hjir hastû lein It wie in jûn om te ûnthâlden Wij hawwe praat en sûpt, fan alles dien En doe op bêd net mear te hâlden Oerenlang tegearre ien Dû hast tocht dat ik lei te sliepen 'k Wie ek wol wurch, lang om let Mar al diest de doar ek noch sa hoeden iepen Ik ha dij wier wol heard Dû lietst mij fan dijn lippen priuwe Ik mocht mij lave oan dijn lijf En watstû ek seidest, ik woe 't leauwe God, wat wiest in prachtich wijf Foar dy woe 'k alle brêgen brâne Nea wer werom, hieltyd foarút Der midden yn, net oan 'e râne Folslein ferlern, troch mar ien tút Want ik wie op slach fereale 'k Woe hiel myn libben troch mei dy Mar ik ha 't fernaam, foar dy wie 't inkeld wille En no bist hjir al wei It hûs is leech 'k fiel my ferlitten Ik wit wol dat ik gjin rjochten hie Mar wêrom lietstû my net witte Dat it mar boartsjen foar dy wei En dochs wol ik dy ien ding sizze Ik hoopje datst der acht op slachst Do meist altdy by my lizze Ek al is 't mar foar ien nacht It like krekt as lei 'k te sliepen Mar ik wie fan leafde blyn De eagen ticht, myn hert stie foar dy iepen Mar dû woest der net yn De wekker wijst kertier oer fiven