Fokke de Groot
Fokke de Groot - Werom fan 'e See songtekst
Je score:
Yn in kâlde winternacht, in boat brocht syn fracht Oer weagen heger as in hûs Neptunus, Beaufort, makken stoarm mei-elkoar It wie oars net as ien grut gebrûs De boat, hast in wrak, wie skansearre en swak Hy kreake, it koe hast net mear Mei noch gjin haven yn 't sicht die er moedich syn plicht Soe er it helje dizze lêste kear? Bring har werom, werom, werom fan 'e see Himel genede, we bin' noch net ree Bring ús werom, werom, werom fan 'e see Nei fêste grûn, en sûn fan 'e see Wylst efter by 't fabryk, wie it merke gelyk Lâns de seedyk, in kommen en gean De rêdingsboat klear of hoecht it net mear? It lot fan mannich fiskersbestean? Mar healwei it gefjocht, joech de fjoertoer syn ljocht Bemanning en kaptein wer moed Al brûke jo 't ferstân, leit it libben yn Gods hân It seemansskip sit yn it bloed Bring har werom, werom, werom fan 'e see Himel genede, we bin' noch net ree Bring ús werom, werom, werom fan 'e see Nei fêste grûn, en sûn fan 'e see Yn 't iere dageljocht, kaam in ein oan de tocht Sa goed en sa kwea by d'âld' slûs Wer werom út de hel, joech de wyn him pas del Koe men wier dan einlings nei hûs? It wie glûpende kâld, dêrom tankber foar 't behâld En de treast dy't hja by elkoar fûn It moreel bleau dochs heech, wie it tsjuster en dreech Mar hope en 't herte ha wûn Bring har werom, werom, werom fan 'e see Himel genede, we bin' noch net ree Bring ús werom, werom, werom fan 'e see Nei fêste grûn, en sûn fan 'e see Bring har werom, werom, werom fan 'e see Himel genede, we bin' noch net ree Bring ús werom, werom, werom fan 'e see Nei fêste grûn, en sûn fan 'e see