Fokke de Groot
Fokke de Groot - Underweis songtekst
Je score:
De Bob, de roadie/technikus rydt relaxed foar ùs de bus. Foar dei en dau dan yn 'e wear, wykeins "heer en meester" yn 't ferkear Sa giet it oer de Ofslùtdyk, de polder troch nei Harderwyk Dan weris nei Grinslân ta, Lutjegast of Nije Pekela In multi-man, hy is unyk mei't ljocht, lûd en syn logistyk Nei doarp, stêd of metropoal. Hy is dan ek (mmm), hy is ùs idoal Hoe it rint, hy dindert troch. It gas d'r op, 't is wer Tsjoch In tinte fol, 2000 man. Hy wurdt d'r wier net waarm noch kâlder fan Hy bringt ùs oant de efterdoar. Troch waar en wyn, hy giet d'r foar. Lade, losse d'r op ta. Je moat dochs wol...in kronkel ha Iens yn't jier nei Starum ta, nei Doede en syn haringbar De oare moarns op nei it FEC. Sa kry' je oan rûtine gjin gebrek Hy is altyd mar ûnderweis. Meastal oant in oer as seis Al ha' w'ùs nocht en bin' we gear, hy sjogt net op in kilometer mear. Hy sjogt net op in kilometer mear. En sjogt - net - op - fan in kilometer mear. En dat foar muzyk en foar it publyk. Wy bin' altyd under...weis Wy binne altyd ûnderweis. En meastal oant in oer as seis Al is in muzikant nea klear, wy sjonge no gjin milimeter mear De Bob, de roadie/bodyguard, rydt foar jim him ùt 'e naad Foar dei en dau bin'k yn 'e wear. Ik sjong foar 't earst en ek de lêste keer
Copyrights:
Auteur: Fokke de Groot
Componist: Fokke de Groot
Publisher: Bacon and Bones Muziekprodukties
Details:
Taal: Engels
Laatst bijgewerkt door Anonymous op Saturday 29th of January 2011 10:32