Fokke de Groot

Fokke de Groot - Sûnder Muzyk songtekst

Je score:

Jo kinn' 't sa raar wier net betinke 
Of it no nij is of autentyk 
Wat soe de minsk' hielendal wêze, wêr soe er wêze; sûnder muzyk? 
Wat soe de minsk' hielendal wêze, wêr soe er wêze; sûnder muzyk?

It lytse bern hippelet om 'e widze 
Alhiel noch frij fan wat selskrityk 
Soe har libben oars ferrinne, soe it kinne; sûnder muzyk? 
Soe har libben oars ferrinne, soe it kinne; sûnder muzyk?

Underweis en yn de file 
Op 't kantoar of yn it fabryk 
Soe de produksje dan ek sakje, dan net sakje; sûnder muzyk? 
Soe de produksje dan ek sakje, dan net sakje; sûnder muzyk?

Foar it sliepen noch in lêste plaatsje 
As it tiid is foar romantyk 
Wat soe de romantyk dochs wêze, hoe soe it wêze; sûnder muzyk? 
Wat soe de romantyk dochs wêze, hoe soe it wêze; sûnder muzyk?

Wêr't jo hjoeddeis sa al komme 
Op de merke, yn de kleanbûtyk 
Soe de ferkeap wier sa sakje, sa fier sakje; sûnder muzyk? 
Soe de ferkeap wier sa sakje, sa fier sakje; sûnder muzyk?

Einliks kin de wrâld net sûnder 
Wie it gjin dûnsjen, sjoch nei de Gryk 
Sis, wat is no de sirtaki, de sirtaki; sûnder muzyk? 
Sis, wat is no de sirtaki, de sirtaki; sûnder muzyk?

Sa kin in feest op-en-út net sûnder
Jo kinn' 't besykje, al hoe sympatyk 
Jo kinne it gjin feest mear neame, der is gjin feest; sûnder muzyk 
Jo kinne it gjin feest mear neame, der is gjin feest; sûnder muzyk

Op de ein as it dan sa fier is 
Dat 's noch altyd foar elkenien lyk 
Lit it ôfskie net foarby gean, dan net foarby gean; sûnder muzyk 
Lit it libben net foarby gean, 't is deasûnde; sûnder muzyk!
Vind dit lied op:
bol.com
amazon.com

Copyrights:

Auteur: Fokke de Groot

Componist: Gérard Lenorman / Fokke de Groot

Publisher: Soulmate Records

Details:

Uitgegeven in: 2015

Taal: West-Fries

Deel je mening

Dit formulier wordt beschermd door reCAPTCHA en de Google Privacy Policy en Servicevoorwaarden zijn daarbij van toepassing.

0 Reacties gevonden