Fokke de Groot
Fokke de Groot - RUSSIA! songtekst
Je score:
Doem, doem, doem, doem Doem, doem, doem, doem It like ús wol aardich ta, nei Ruslân op toernee It lân fan perestrojka en fan de KGB Mar Moskou is in grutte stêd en roebels binne djoer Eerst spylje en dan pas op bêd, it iis sloech om in fjoer It Kremlin dûnse op har fûneminten, It Reade Plein sprong einlings út har bân Dat bin' foar ús bysûndere mominten, mar bring in Rus dat mar-ris oan't ferstân Elk minsk hat fan muzyk ferlet, sa ek de presidint It Goutumer Shanty- en Balladkoar wie by him al lang bekend! It Kremlin dûnse op har fûneminten, It Reade Plein sprong einlings út har bân Dat bin' foar ús bysûndere mominten, mar bring in Rus dat mar-ris oan't ferstân Mar bring in Rus dat mar-ris oan't ferstân We songen ús de longen mei ‘Kalinka’ út it liif, mar by min 15 wurdt men dochs wat stiif Wat stiif!? Brr.. Dûnsje, dûnsje, dûnsje, hoi, hoi, hoi! Dûnsje, dûnsje, dûnsje, hoi, hoi, hoi! Dûnsje, dûnsje, dûnsje, hoi, hoi, hoi! (En) It Kremlin dûnse op har fûneminten, It Reade Plein sprong einlings út har bân Dat bin' foar ús bysûndere mominten, mar bring in Rus dat mar-ris oan't ferstân De tiid hâld ek by ús gjin skoft, nostrovje op It Heitelân ....HOI!