Fokke de Groot

Fokke de Groot - Gouden en Sulveren Tiid songtekst

Je score:

We stean hjoed wer foar in drompel                 
Skriuwe skiednis sûnder skoft                           
Mar troch freonen om ús hinne                        
Klearret stadichoan de loft                                
Ea ûntstien út grietenijen                                   
Trije gemeenten waarden ien                             
No't wy nije kânsen krije                                    
Bou'we fierder, stien foar stien                       

Kom en sjong mei dit liet!                       
En wês klear foar in nije moarn            
Fuort mei ûnwissens en de striid           
Kom en rik mei krêft jim hân                 
Nei it hert fan 't Fryske lân               
Foar in gouden en sulveren tiid              

Reduzum, Grou en Jirnsum gean nei Ljouwert  
Akkrum/Nes, Aldeboarn nei 't Fean                    
Terherne giet op yn De Jouwer                            
Krijt Súdwest-Fryslân alhiel De Legeaen          
Ljouwert komt ek noch temjitte                            
Warten, Wergea en Warstiens                             
Fansels Idaerd en Eagum net ferjitte                
'Last, but not least' it skoandere Friens       

Kom en sjong mei dit liet!                         
En wês klear foar in nije moarn             
Fuort mei ûnwissens en de striid            
Kom en rik mei krêft jim hân                  
Nei it hert fan 't Fryske lân                
Foar in gouden en sulveren tiid               

Begin it nije jier mei faasje                                       
Mei nij belied in goed begjin                            
In takomst foar in generaasje                        
Troch sûne mienskipssin                                           
Nei 30 jier in boek, in streekroman         
Aanst ûnder glês yn't museum te sjen            
No falt it doek, dit wie it dan                   
Tabee ... Boarnsterhim                           
    
Kom en sjong mei dit liet!                         
En wês klear foar in nije moarn             
Fuort mei ûnwissens en de striid            
Kom en rik mei krêft jim hân                  
Nei it hert fan 't Fryske lân                
Foar in gouden en sulveren tiid               

Kom en sjong mei dit liet!                         
We bin' klear foar de nije moarn          
Fuort is de ûnwissens en de striid          
Kom en rik elkoar de hân                          
Yn it hert fan 't Fryske lân                     
Foar in gouden en sulveren tiid                
Foar in gouden en sulveren tiid
Vind dit lied op:
bol.com
amazon.com

Copyrights:

Auteur: Fokke de Groot

Componist: Paddy Reilly / Fokke de Groot

Publisher: Soulmate Records

Details:

Taal: West-Fries

Deel je mening

Dit formulier wordt beschermd door reCAPTCHA en de Google Privacy Policy en Servicevoorwaarden zijn daarbij van toepassing.

0 Reacties gevonden