Bacon and Bones
Bacon and Bones - De Moaiste Tiid songtekst
Je score:
De Moaiste Tiid It doarp is efkes net fan ús en it is noch net foarby De simmer jout noch gjin belies, hjir fielt men harren frij De ien kin fuort, de oar bliuwt thús en is foar in frjemd yn't spier Ek al is't dan drok foar mannich Fries.... 't is de moaiste tiid fan't jier En as de dei dan koarter wurdt is elk sa wer te plak Lang gjin nachtlik roppen, hear, de rêst krijt syn gerak Mar bliuwt in winter sûnder sturt en jout it iis net mear fertier Dan sjochst al gau it langstme wer nei de moaiste tiid fan't jier It doarp is efkes net fan ús en it is noch net foarby De simmer jout noch gjin belies, hjir fielt men harren frij De ien kin fuort, de oar bliuwt thús en is foar in frjemd yn't spier Ek al is't dan drok foar mannich Fries, mar 't is de moaiste tiid fan't jier