Reboelje
Reboelje - wat giet der yn dy om lyrics
Your rating:
Hee do dêr, bleu blier famke ha asto dêr no sitst sa asto nei ús lakest yn dyn moaiste wite klean Sa asto nei ús swaaist hasto noch flauwe hoop op in hiel nij libben in oar en goed bestean Hee do dêr, bleu blier famke salang’t ik dy al ken salang al freegje ik my ôf wa wiesto, wa bisto, wat silsto elkenien fan ús wol no graach witte watfoar faam oftsto einliks bist der is gjin takomst sûnder ferline der is gjin jeugd dyst ferjitte kinst it lytste leafste famke út in nêst sa kâld as stien it safolste, safolste berntsje fan in soarte fan styfmem de grutste pop fan tefolle oaren dy’t raanden fan dyn eagen fan dat kreaze fine snútsje en dat heldere bliere stimke elkenien fan ús wol no graach witte watfoar faam oftsto einliks bist der is gjin takomst sûnder ferline der is gjin jeugd dyst ferjitte kinst sa asto hjir no stiest noch sa jong mar o sa wiis wiesto net dat famke dat fierstente jong út hûs wei gong om dy oer te jaan, oan in nuvere man dy’t dy al krekt sa behannele as al dy oaren lang ferlyn