Reboelje
Reboelje - tunnel fan it ljocht lyrics
Your rating:
ek jim sil der fêst wolris fan heard ha fan de tunnel mei it ljocht en de muzyk fan it gelok en de waarmte dy’t je fiele as je de dea al hast yn de eagen sjogge de ferhalen sizze allegear itselde oer de waarmte, oer it read en oer it blau de muzyk klinkt noch moaier as op ierde sa wurdt wol sein oan de ein fan de tunnel skynt it ljocht der wurdt wol sein dat it it ljocht is fan de himel in mystearje dêr’t safolle al oer praat is der waard sein dat de dea dêr mei te krijen hie mar de wierheid is juster oan it ljocht kaam de tunnel fan it gelok komt út op ierde je hoege net iens te fjochtsjen om de ljochten dêr te sjen je hoege sels net te stjerren om de waarmte dêr te fielen je hoe de dea net yn te draven om de muzyk te ûndergean want de tunnel fan it gelok komt út op ierde de tunnel fan it gelok komt út op ierde it is de tunnel fan it ljocht en de muzyk dus fiel dy frij, en libje dyn eigen libben fiel dy frij en gean dyn eigenwize gong lit se sjen, lit se fiele wa sto wurklik bist lit it sabeare dwaan mar oer oan al dy oaren ek al soe der no ien wêze dy’t mient te witten wa sto bist lit se mar fernimme, dat is foar harren it bêst de tiid fan ûndergean is no foarby want de tunnel fan it gelok komt út op ierde de tunnel fan it gelok komt út op ierde it is de tunnel fan it ljocht en it gelok it is de tunnel fan de waarmte it is de tunnel fan de muzyk it is foaral de tunnel fan de leafde