Reboelje
Reboelje - sabeare wrâld lyrics
Your rating:
in faam dy’t noch krekt gjin frou wie mar seker gjin bern mear wie boarte dat se nea wer wekker waard wylst se har pipermunt opiet en wylst elkenien wol yn ‘e smizen hie dat it boartsjen mar sabeare wie waard se sa blau as laai, en krige it skûm op ‘e bek se ferskeat deryn en stikt sawat want in sabeare wrâld, dat is gjin mearke wrâld dat is gjin berne wrâld, dat is in werklike wrâld! yn dizze rune wrâld, dy’t om ‘e ierde draait draait alles om, draait alles om.... sadat se fan alteraasje it plattelân ferlit en op syk giet om ‘e swiertekreft mar jierren neitiid, as’t se de top berikt hat sjocht se yn ‘e ôfgrûn del nei ûnderen ta en tinkt noch ien kear dat se springe moat út skuldgefoel jinoer de swiertekreft mar dan sjocht se de oertreffende trep dy rint se treftich op nei boppe ta want in sabeare wrâld, dat is gjin mearke wrâld dat is gjin berne wrâld, dat is in werklike wrâld! yn dizze rune wrâld, dy’t om ‘e ierde draait draait alles om, draait alles om.... de swiertekreft