Reboelje
Reboelje - langstme lyrics
Your rating:
sa graach soesto ien leafhawwe dy’t wurklik fan dy hâld sa graach soesto ien oankrûpe dy’t dy wiere leafde joech foaral no’t it waar sa moai is liket de leafde sa fier fuort foaral no’t it waar sa moai is liket de leafde sa fier fuort wat soesto in soad hâlde fan in man dy’t om dy jout dy’t dy oanhellet en oanrekket sûnder datsto fuort krûpst do soest him al dyn leafde jaan do soest der altyd foar him wêze de man dy’t foar dy bestimd is dy bliuwsto ivich trou hoe graach soesto yn ’e hannen lizze fan de freon dy’t dy hoedet hoe graach soesto dy ferskûlje efter syn rêch, syn liif, syn stim foar alles wat dy tsjinstiet yn dizze rauwe rûge wrâld hoe graach soesto dy jaan wolle oan in takomst sûnder eangst