Reboelje
Reboelje - it tij ferrint lyrics
Your rating:
lâns de rane fan in ryk lân rint in frou dy’t al mem wêze koe se hat it hier omheech en de learzens oan en se stoarret oer de see se bliuwt stean en sjocht nei it spul fan de weagen, it skûm en de wyn mar foaral hjoed wol se net tinke net oan letter, en net oan ‘t ferlyn it tij ferrint, de weagen ferdwine sa giet al ieuwen oanien salang as de moanne om ‘e ierde draait hat it altyd al sa west se wit noch goed dat se lang ferlyn noch hjir draafde mei har heit se lake nei de fûgels, en skreau har namme yn it san se wit noch goed dat se doe al faak der oer prate mei har mem dy’t doe noch net begripe koe dat se nea net beppe wurde soe it tij ferrint, de weagen ferdwine sa giet al ieuwen oanien salang as de moanne om ‘e ierde draait hat it altyd al sa west