Reboelje
Reboelje - fan it lytse wite húske lyrics
Your rating:
yn dizze útsichtleaze hel dêr’t it oeral stjonkt fan de dea dream ik alle nachten wer fan it lytse wite húske it stiet oan ‘e râne fan de bosk wy sjogge út oer de fjilden yn de tún ferbouwe wy ús iten en foar de molke hawwe wy kij yn myn dreamen lis ik neist de frou dy’t ik al sa lang net mear seach yn myn gedachten streakje ik troch har hier, en ik fiel har hân om my hinne ús lytse bern dy’t boartsje, op it hiem, yn ’e bosk, op ‘e greide, alle nachten sjoch ik se wer en ik nim se tsjin my oan yn gedachten bin ik by de frou dy’t ik al sa lang net mear seach sy laket my ta, swaait nei de bern út it lytse wite húske wei, yn myn dreamen lis ik neist de frou dy’t ik al sa lang net mear seach yn myn gedachten streakje ik troch har hier, en ik fiel har hân om my hinne