Reboelje

Reboelje - dokter fan bartlehiem lyrics

Your rating:

in jonge fan noch gjin sechstjin jier
dy’t oars altiten sa sûn wie
lei no al wikenlang deasiik op bêd
hy koe net oars as krimmenearje
alle dokters hiene by him west
mar der wie net ien dy’t wist hoe’t er better wurde koe
syn heit en mem sieten neist syn bêd
oant er op it lange lest yn sliep foel
hy dreamde dan oer nije tiden
wer ‘t in wûnder noch wol besteansrjocht hie

wêr is de dokter fan Bartlehiem
de man dy’t alle minsken heelje koe 
foar wa’t de dea net mear as in grypke wie
dokter fan Bethlehim

in famke fan noch gjin oardel ier 
gong mei har heit nei it griene krús ta
se spuiten har fol mei ynintingsguod
sûnder dat se dêrom frege hie
en doe’t se folle âlder wie
en har berns bern al bern krigen
lei se oeren lang mei har eagen iepen   
oant se op it lange lest yn sliep foel
se dreamde dan oer ferliene tiden
wer ‘t in wûnder noch wol besteansrjocht hie
Get this song at:
bol.com
amazon.com

Copyrights:

Author: Marius de Boer

Composer: ?

Publisher: Not On Label (Reboelje Self-released)

Details:

Released in: 1989

Language: Dutch

Appearing on: Skepper Fan De Skepper (1989)

Share your thoughts

This form is protected by reCAPTCHA and the Google Privacy Policy and Terms of Service apply.

0 Comments found