Reboelje

Reboelje - de fûgel yn dy lyrics

Your rating:

Wêrom fluitesto moarns net mear
en giesto jûns betiid op ‘t nêst
Is de nacht dan earder foarby
En do fljochst hieltyd om him hinne,
en do praatst net mear mei him
en as er dy oansjocht, sloechst oer syn
skouder op ‘e klok!
Is de hjerst al hast foarby?
Is de hjerst al hast foarby?

Fan ‘e moarn hasto him wiis makke,
datsto raasd hast yn ‘e sliep
Mar ik sjoch wurgens yn dyn eagen,
do hast de hiele nacht prakkeseare
Ik ha dy razen heard op bêd:
Is de hjerst al hast foarby?
Is de hjerst al hast foarby?

Ik sjoch it oan dyn dwaan,
ik sjoch it oan dyn litten:
De winter is hast foarby,
de maitiid komt tichterby
Do wolst allinnich noch mar foart
fan alle minsken om dy hinne
Nei de moaiste fan it lân,
nei de leafste yn ‘e wrâld
yn ‘e wrâld, yn ‘e wrâld
Get this song at:
bol.com
amazon.com

Copyrights:

Author: ?

Composer: ?

Publisher: VMI

Details:

Released in: 1992

Language: Dutch

Appearing on: Simmersnie (1992) , De Fûgel Yn Dy (1993)

Share your thoughts

This form is protected by reCAPTCHA and the Google Privacy Policy and Terms of Service apply.

0 Comments found