Piter Wilkens
Piter Wilkens - Wolkomstblues (Tútsje!) lyrics
Your rating:
Ik kin dy wol tútsje fanke, ik bin sa bliid datsto der bist. Ja, ja, ja tútsje, ik bin sa bliid datsto der bist. Nee do hâldst gjin plakje droech bern, ik ha dy salang mist. Hee, hee, hee, tútsje, op dyn hier en op dyn hûd. Ja, ja, ja tútsje fanke, op dyn hier en op dyn hûd. Ûnder 'e earms, efter it ear, de ûnderkant fan dyn linkerfoet. In tútsje op dyn mûle, in tútsje op dyn wang, in tútsje yn dyn nekke, sobje, sobje, lekker lang. In tútsje op dyn noas, in tútsje op dyn kin, ja oer dyn hiele liif oant ik by dyn 'G-spot' bin. Flybje, frije, streakje, krûpe, tútsje docht je goed, tink der mar om datst net fersûpst yn myn wiete tútsjes floed. Hee, hee, ik wol in tútsje! En ik krûp dy lekker oan, Ja, ja, ja tútsje fanke! En ik krûp dy lekker oan! En ik hâld dy sa stiif fêst, do bliuwst hjir oant de iere moarn. Tútsje, tútsje, tútsje, tútsje, o, ik ha dy salang mist. Tútsje, tútsje, tútsje, tútsje fanke, ik ha dy salang mist. Nee do hâldst gjin plakje droech bern, do witst net heal hoe moai ast bist. O do hâldst gjin plakje droech bern, do witst net heal hoe moai ast bist!
Copyrights:
Author: Piter Wilkens
Composer: Piter Wilkens
Publisher: Marista
Details:
Language: Dutch
Last updated by Anonymous at Saturday 23rd of May 2009 14:13