Piter Wilkens

Piter Wilkens - Wilko de minstreel lyrics

Your rating:

Hy song de moaiste lieten al fanôf syn bertedei 
betocht de earste hits wylst er yn 'e widze lei 
begûn al gau te spyljen op syn eigenmakke lút 
stuts syn broerke Bernlef graach de eagen út 
in wûnderbern, dat wie it, mei in eigen didaktyk 
sa stie er oan de basis fan de iere popmuzyk 
it spruts de minsken oan en hy brocht it hiel sjarmant 
hy waard de earste minstreel, de earste echte muzikant 

Hy song de moaiste lieten en rispe mannich tút 
wie al in sekssymboal, fanôf syn jong debút 
syn kontsjedraaierij foel aardich yn 'e smaak 
ja ier yn de midsieuwen seach men dat net faak 
ferhaal fan folk en kening, noch nea wie it sa dien 
sensaasje, nije streaming, 'hot' foar elkenien 
famkes by de rûs en hy tocht: 'Da 's yntressant' 
'Lit my mar minstreel wêze, de earste echte muzikant' 

Hy song de moaiste lieten, brocht it minskdom op in spoar 
de âlde generaasjes stelden net sa folle foar 
beminde alle froulju, libbe as in ljurk sa frij 
en tocht: 'Wat kin it skele ju, sy hâlde dochs fan my' 
omdat 'Den Frieschen Waepensmidt' syn grutte sponsor wie 
en er sa subsydzje kryg' fan de kulturele rie 
waard er wat bedoarn en ek wat nonsjalant 
striejonker fan it noarden, de earste echte muzikant 

Hy song de moaiste lieten ek yn it Frankenlân 
de frou fan kening Karel fûn him in ''eerlyke garçon' 
sy stjûrde ris in postdo nei syn ympressario 
'Yk wyl dy chansonnier avec le 'yle show' 
sa kaam er oan har hôf, dat brocht publisiteit 
oeral klonk syn namme dat syn trochbraak wie in feit 
foar ivich populêr, bejeftige, briljant 
dichter master minstreel, de earste echte muzikant 

Hy song de moaiste lieten yn 't teater fan Parys 
de Franken waarden wyld en sy rôpen: 'Bis, bis, bis!' 
nei hiel syn repertoire en in duetsje mei syn broer 
koe it net mear stikken: 'Vive le troubadour' 
Karel wie te fjochtsjen tsjin de Moar oars hie er 't keard 
Mar de keningin waard swier fan ús lytse dogeneat 
Ja begripelik wie 't wol mar net sa sa elegant 
hy gie har oer de lea, de earste echte muzikant 

Hy song de moaiste lieten, mannich faam gie nei him ta 
Want fan sa 'n grut artyst wa wol dêr net in bern fan ha 
sy foelen foar syn streakjen, syn betoverjende stim 
yn alle hoeken fan de wrâld fynst it skaai fan him 
Indianen as Japanners, o ja wier 't seit my genôch 
Meitsje sy muzyk dan binn'sy grif fan Frysk komôf 
wy binn' allegear besibbe, fan heit as memmeskant 
troch dy pierewaaier, de earste echte muzikant 

Hy song de moaiste lieten, en hy liet ús hiel wat nei 
Al ús ynsperaasje it komt by Wilko wei 
't is erflik bepaald wy bliuwe inkeld surrogaat 
want wat wy ek besykje: Wy pleegje plagiaat 
earm en ryk en swart en wyt, sy krigen nea har nocht 
de iene seach in freon yn him de oare dy waard sljocht 
mar Knut de Wytsing seach him by syn frou yn 't ledikant 
hy hold net fan muzyk en houde samar dea ..., de earste echte muzikant 

Hy sjongt no moaie lieten, heech boppe ús by God 
wy brûke al syn fynsten, syn meldij-, akkoardebrot 
syn nûmers wurde 'covere', oant de dei fan hjoed 
ek dit liet is fan Wilko, al sjong ik net sa goed 
yn dizze tiid fan samples wurdt der stellen by de fleet 
en ik doch wier net moeilik, 'k skriuw it ta oan ús profeet 
alle sjongers troch de tiid, sy bliuwe yn syn trant 
en earje sa ús Wilko, de earste echte muzikant
Get this song at:
bol.com
amazon.com

Copyrights:

Author: ?

Composer: ?

Publisher: Marista

Details:

Language: Dutch

Share your thoughts

This form is protected by reCAPTCHA and the Google Privacy Policy and Terms of Service apply.

0 Comments found