Piter Wilkens
Piter Wilkens - Tink oan my lyrics
Your rating:
Tink oan my en fal yn sliep tink oan my en tel de skiep yn it lân tink oan my en tink oan moarn dan is alles wer gewoan Brek dyn harsens net, de kop yn it sân hast de tiid en der is neat oan 'e hân fielst dy sweven, 't leven laket dy ta dy om 't even want do kinst alles ha Fan 't wylde wetter hasto noch gjin idee mar do doardest al in hiel ein yn see wy sochten skulpen en dy nimme wy mei mar yn de weagen waard dyn sânkastiel wei Aaist de kninen en it skiep en de geit do joust de skilen oan de barch dy't der leit bist net benaud foar gjin hûn en gjin kat mar fan it hynder skroksto sawat Nim it libben mar sa as it is ek al gie der hjoed mei dy alles mis til net te swier oan al it leed op de wrâld fiel de waarmte ek al liket it kâld Wat kin it dy skele wat in oar der fan tinkt it is wier net alles goud wat der blinkt want al stiet no dyn wrâld op 'e kop do bist en bliuwst altyd noch myn leave pop Fel oer de eagen kop yn it sân fel oer de eagen alles is wer gewoan